Tredde printinge fan Jip en Janneke yn it Frysk leit no yn de boekhannel

Tredde printinge fan Jip en Janneke yn it Frysk leit no yn de boekhannel

0

Boalsert- Ein desimber 2016 ferskynde by útjouwerij Afûk Jip en Janneke foar it earst yn it Frysk yn in oplage fan 1.000 stiks. Dat wie sa’n oerweldigjend sukses dat al nei in wike besletten waard om in werprintinge te meitsjen fan 2.000 stiks. Dy twadde printinge is ûnderwilens ek al wer skjin op. Utjouwer Ernst Bruinsma: ‘Wy hawwe sjoen de konstante belangstelling foar dit klassike berneboek op ′e nij in grutte oplage printsje litten. Dêrmei komme wy op 5.000 ferskynde eksimplaren fan de Fryske Jip en Janneke. Foar in Frysk boek is dat fansels in geweldich grut sukses.’

Yn de Fryske Jip en Janneke binne alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes byinoar brocht. Fan ‘Jip en Janneke boartsje tegearre’ oant ‘Dach Jip, dach Janneke!’. De yllustraasjes fan Fiep Westendorp binne yn swart-wyt én yn kleur.

Boekgegevens

Auteur: Annie M.G. Schmidt

Yllustraasjes: Fiep Westendorp

Oersetter: Ytsje Steen

Foarmjouwing: Boudewijn Boer

ISBN 978 94 92176 38 7
Frysk, ynbûn, 352 siden

Ferkeappriis: € 26,99

Afûk, Ljouwert 2019

www.afuk.frl

 

Het is niet meer mogelijk te reageren

X
X

Deel dit met een vriend